In nije Fryske bibeloersetting

De Ynterstsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) is dwaande mei tariedingen en fûnswerving foar in nije Fryske bibeloersetting.

Wêrom in nije Fryske bibeloersetting? Dy fan no kaam yn 1978. Sûnt dy tiid is it Frysk taalgebrûk feroare en binne der nije ynsichten ûntstien yn de bibelwittenskippen.
In oersetting dy’t by de tiid is, helpt mei foar te kommen dat benammen jongeren de Bibel net mear goed begripe. Dat wie yn 2010 ek de gedachte by de klasses fan Fryslän doe’t dy de YKFE fregen om in nije oersetting ta te rieden. Dat kaam er doe net fan, omdat de YKFE wakker dwaande wie mei de oersetting fan it Lieteboek. Mar no is it safier.
Der is goed € 300.000 nedich en yn in perioade fan 3 jier. Dat is in protte jild, mar tagelyk is it in bytsje rekkene neffens de omfang fan it projekt.
Boppedat: de heech kwalifisearre oersetters/frisisten krije mar in lytse fergoeding foar al it wurk dat hja dogge.
Feitlik mat harren wurk sjoen wurde as frijwilligerswurk.
De stifting YKFE-FBO, de rjochtspersoan foar it projekt, is de meiwurkers dêrfoar tige erkentlik!

Net elts sjocht nut en needsaak fan in nije Fryske oersetting.
Dat wie ek sa by de oersetting fan it Lieteboek. Doe’t dy der ienris wie (2015), die bliken hoe grut de belangstelling en de wurdearring wiene. Sa sil it ek gean mei de oersetting fan de Bibel, tinke wy. Boppedat, der sil de kammende jierren in protte kommunisearre wurde oer dit projekt. Net allinne mei tsjerklike fermiddens, mar ek yn de publike romte: de Bibel is ommers ien fan de fundaminten fan ús (Fryske) kultuur. Sa sil de nije oersetting bydrage oan de presinsje fan it Evangeelje yn de mienskip.

Dêrom kin de Stifting YKFE-FBO yn alle frijmoedigens in berop op jim dwaan: Stypje it projekt!
Jim bijdrage kin stoart wurde op bankrekeningnr: NL87 RABO 0362 2362 59 t.n.v.Ykfe Damwâld. Op namme fan W. Rozendal en/of D.J. de Jong ten bate fan bibeloersetting.

Mei freonlike groetnis, Lútsen Kooistra, Foarsitter YKFE-FBO